Hearst fan Fryske sakefroulju sa’n soad moaie ûndernimmersferhalen!
It is tige spitich dat dy net fêstlein en dield wurde.
As ûndernimmer is it fansels hiel wichtich om goed sichtber te wêzen foar (potensjele) klanten.
Mei myn podcast “Fryske Fammen Yn Saken” wol ik Fryske sakefroulju graach in poadium jaan.
Dêr kinst dyn ûndernimmersferhaal yn it  Frysk fertelle.
Want wat  is der no moaier dan dyn ferhaal te fertellen yn de taal dy’t dy sa nei leit: dyn memmetaal.

Dochst do ek mei?

It is hiel wichtig foar dy as ûndernimmer om goed sichtber te wêzen.

Fertel dyn ûndernimmersferhaal yn it Frysk!

Dochsto ek mei?

Fertel Dyn Ûndernimmers Ferhaal

Yn It Frysk! 

Oanmelde kin hjir:

Ik bin Wikje de Roos

Ik bin Wikje de Roos

Al 25 jier marketing en kommunikaasje expert en help as strategisch partner fan ûndernimmers

Ik help Fryske ûndernimsters harren bedriuw, mar ek harsels sichtber te meitsjen.

De Fryske Fammen yn Saken podcast is te beharkjen

op Soundcloud, Spotify en iTunes

óf klik op de episode hjirûnder

#7 Ynterview mei Tjalina Nijholt, TV-redakteur en freelance ferslachjouwer

Kinst alles berikke ast der mar yn leauwst. Dit is dêr in prachtich foarbyld fan! Tjalina Nijholt is TV-redakteur by Editie NL fan RTL4 en freelance-ferslachjouwer. Tjalina fertelt oer har stap fan Fryslân nei de mediawrâld en hoe’t se as famke fan trettjin jier út Blauhús sels de rezjy naam om har dream te ferfolgjen.

#6 Ynterview mei Tanja Nab fan Impact Training, (online) hypnose opliedingen

Yn dizze podcast praat ik mei Tanja Nab. Sy is hypnoterapeut en har bedriuw hjit Impact Training. Sy fersoarget hypnose-trainings/opliedings foar coaches en profesjonals dy’t hypnose tapasse om harren klanten fierder op wei te helpen. Hjirby kinst tinke oan it ôflearen fan gedrach dat liedt ta smoken mar ek oan klanten dy’t graach ôffalle wolle, of it fuortheljen fan blokkearings dy’t dy as ûndernimmer yn ‘e wei sitte. Mar dat hypnose ek online te learen is? Dêr soe ik graach mear oer witte wolle. Bisto ek benijd? Harkje dan nei dizze podcast.

#5 Ynterview mei Johanneke Dijkstra, filmmakker, skriuwer en docent

Johanneke hat mei de produksje “Doorgaan” (in koarte film oer de Ljouwerter bokstrainer Piet Rozendaal)kaam se op Het Noordelijk Filmfestival en mei Ritus op de reade loper fan Cannes. Johanneke fertelt werom út de comfortzone gean sa belangryk is om te groeien as persoan en yn dyn wurk.

#4 Ynterview mei Saakje Bakker, presentaasjecoach en improvisator

Wy hawwe it oer sprekangst en spannende dingen dwaan. Hoe wurdst dat de baas? Mei in leafdefol triuwke makket Saakje dat in stik makkelijker. Moatst mar ris hearre!

#3 Ynterview mei Annemarie Taekema fan Styling by Annemarie

Annemarie Taekema is de interieurstyliste fan it Noarden mei in grutte leafde foar nijbou. Sy stapt faaks al yn op it moment dat de ljochtpunten bepaalt wurde moatte. En dat is moai want dan kinst noch alle kanten op mei it interieur. Yn dizze podcast fertelt Annemarie oer har fak mar ek hoe se har takomst sjocht. Wer stiet sy oer fiif jier mei har bedriuw?

#2 Ynterview mei Ymkje de Vries fan Kies Koers

Yn dizze episode praet ik mei Ymkje de Vries fan Kies Koers. Ymkje is senior capital coach en is opliede yn de Jungiaanse psychologie. Sy makket gebrûk fan NLP en systemische opstellingen. Sy leit út wat dit precies betsjut en wat dit docht foar dyn kommunikaasje. Fierder praet ik mei Ymkje oer har eigen koers en wat sichtber wêze foar har as ûndernimmer betsjut.

#1 Ynterview mei Corien Oenema fan Coobly

Corien Oenema is CEO fan Coobly en sy is ambassadeur fan it haadkertier yn ‘e cloud. Har produkt: in ynstapklear bedriuw foar ûndernimmers dy’t folsleine frijheid yn harren wurk ha wolle. Corien is auteur fan “In de wolken” en mem fan fjouwer bern. Wat har beweecht is om in foarbyld foar de bern te wêzen. Sjen litte dat alles mooglik is as jo der mar yn leauwe.

Pin It on Pinterest

Shares